Qortora · Search · Indexed page

www.omropfryslan.nlFetched 2026-08-17T03:10:05Z

Algemien

Omrop Fryslân is de regionale stjoerder fan Fryslân. De omrop bringt nijs op ynternet, radio en tv.

Open original source · Full cached text

Algemien - Omrop Fryslân Gean nei haad ynhâld Thús Nijs Sjen Harkje Mear Thús Nijs Sjen Harkje Mear Oer de omrop Algemien Skiednis Missy ANBI Jierferslach Ried fan Kommissarissen Mediaried Belangrike regelingen Kom fierder by Omrop Fryslân Kom deryn, slút oan en nim diel. Fiel dy wolkom om de ferhalen fan Omrop Fryslân te folgjen, om ferdjipping te sykjen en om it petear oan te gean. Omrop Fryslân is dé regionale publike omrop foar elkenien dy’t him mei Fryslân ferbûn fielt. De organisaasje makket ferhalen dy’t ynformearje, ynspirearje en amusearje en bringt de kontent fia ferskate platfoarms lykas radio, telefyzje en onlinekanalen. De Omrop is tichtby, werkenber en betrouber en yn kontakt mei dy, ús publyk. Ferbine, ferdjipje en foaroprinne It boppesteande fertaalt him yn trije kearnbegripen, nammentlik ferbine, ferdjipje en foaroprinne. Omrop Fryslân wol ferbine en bouwe oan mienskippen. Ferdjipje troch tema’s konsekwint en betrouber te ferslaan en minsken fan kontekst te foarsjen. Foaroprinne wol Omrop Fryslân troch saken sels te agindearjen en fakmanskip permanint te ferbetterjen. De juste taal prate It Frysk is de twadde rykstaal en dêr is Omrop Fryslân grutsk op. It Frysk is dan ek de fiertaal. Alle presintatoaren en ferslachjouwers brûke it Frysk as de earste taal. Dat jildt ek foar de rest fan de Omrop en is werom te sjen yn alle uteringen fan de Omrop. We wolle de Omrop foar alle ynwenners fan Fryslân wêze en troch de krêft en skjintme fan de taal yn te setten, nûget Omrop Fryslân net-Frysktaligen út om mei te genietsjen. Algemien Oer ús Wa is wa Fakatueres Advertearje Ried fan Kommissarissen Mediaried Rûnlieding Freonen fan Omrop Fryslân Panel Service Kontakt FAQ Aksjes Apps Untfangst en frekwinsjes Nijsbrief Statements Privacy statement Aksjebetingsten Ynformaasje fuorthelje Ek Omrop Tsjil Weromrop Fryske top 100 Folgje ús Oer ús Fakatueres Advertearje Privacy-ynstellingen oanpasse © 2026 Omrop Fryslân